Soantsje asylsiker op strjitte?

© Omrop Fryslân
Foar Rimal Wilson en syn soantsje Roman fan noch gjin jier wurdt it spannend. De Pakistaanske asylsiker fan It Hearrenfean driget skieden te wurden fan syn bern. Roman is Nederlanner, want Wilson hat troud west mei in Nederlânske, dy't yn july ferstoar.
Heit en soan krije no gjin útkearing mear en kinne it hûs net mear betelje. Heit kin nei in azc, mar de soan net omdat dy Nederlanner is. Sûnder oplossing bedarje beide op strjitte.