Plysjemêst Akkrum giet del

13 okt 2005 - 16:42

De plysjemêst yn Akkrum wurdt ôfbrutsen. De plysje kommunisearret no digitaal en sadwaande is de analoge mêst net mear nedich. Jierren lang hat de mêst midden yn Akkrum stien en wie der fan fierrens ôf te sjen.

De buertbewenners traktearden de plysje en wurkers tongersdei op gebak, want sy binne bliid dat de mêst ferdwynt. Benammen mei min waar en hurde wyn makke de 60 meter hege mêst in soad leven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)