Ritsma rydt maraton fan Alkmaar

13 okt 2005 - 16:41

Rintje Ritsma rydt tongersdei mei yn de maraton fan Alkmaar. Dat is de iepening fan it maratonseizoen. De race oer 100 rûntsjes makket diel út fan de tarieding op it reedrydseizoen fan Ritsma. De maraton is de ôfsluting fan dy tarieding.

Ein oktober moat de fjouwerfâldige wrâldkampioen him pleatse foar de World Cup-wedstriden. Ritsma hat foarearst gjin ambysje om oan alle maratons mei te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)