Yildirim aardichste Mediterraan

© Omrop Fryslân
Fuotballer Ugur Yildirim fan SC Hearrenfean is neffens it tiidskrift Sen de aardichste Mediterrane man fan Nederlân. Yildirim koe earder dit jier kieze om yn it Nederlânske of yn it Turkse team te spyljen.
Hy keas úteinlik foar Oranje. Neffens de haadredakteur fan it blêd Sen hat dat de reden west om Yildirim ta aardichste Mediterrane man fan Nederlân te kiezen. It magazine Sen rjochtet him benammen op allochtoane froulju.