Gjin McDonald's by Menaam

13 okt 2005 - 09:51

Fastfoodketen McDonald's nimt rekreaasjekompleks Schatzenburg by Menaam net oer. Eigner Ron van Booma fan Schatzenburg joech koartlyn oan it kompleks wol kwyt te wollen oan de hamburgerketen. McDonald's hat Van Booma nei in ûndersyk witte litten dat it tal ynwenners fan it gebiet om Schatzenburg hinne te lyts is om in festiging te begjinnen.

Van Booma hat Schatzenburg ek oanbean oan hotelketen Tulip Inn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)