Actief en Actief-Extra tegearre

© Omrop Fryslân
Wykblêd Actief en it moanneblêd Actief-Extra sille fan woansdei 26 oktober ôf as ien krante fierder op in tabloid-formaat. Beide kranten binne útjeften fan Trio Actief bv yn Burgum. De nije krante sil fan ein oktober ôf alle woansdeis hûs-oan-hûs ferskine yn in oplaach fan 60.000 stiks yn sintraal Fryslân.
De formules fan beide kranten wurde kombinearre. De klam bliuwt lizzen op de regio, mei lokaal en regionaal nijs.