Prov. Wettersteat nei Ljouwert

12 okt 2005 - 14:54

Der komt in reorganisaasje by de Provinsjale Wettersteat. De trije distrikskantoaren yn Dokkum, Twellingea en De Gordyk geane yn 2007 ticht. De tritich minsken op kantoar wurde oerpleatst nei Ljouwert. De kantoniers en bestriders fan glêde diken bliuwe wol aktyf fanút de provinsje.

De provinsje wol mei de reorganisaasje fan 2010 ôf struktureel 1 miljoen euro yn it jier besunigje. Der falle gjin twongen ûntslaggen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)