Auto ûntploft, bestjoerder rêden

© Omrop Fryslân
Yn Warns is tiisdei in autobestjoerder (81) út dat plak krekt op tiid út syn auto helle, foardat dizze ûntplofte. De Warnser ried op 't Sein en krige in beroerte. In 41-jierrige doarpsgenoat hearde in frjemd gelûd en seach in auto skeef yn it wetter lizzen. De auto fleach dêrnei yn brân.
De 41-jierrige Warnser hat de bestjoerder út de auto helle. Fuort dêrnei ûntplofte de auto. De man fan 81 is nei it sikehûs brocht.