Stroobossertrekweg wurdt opknapt

© Omrop Fryslân
De provinsje betellet 1,8 miljoen euro mei oan it opknappen fan de Stroobossertrekweg tusken Dokkum en Kettingwier. Om de dyk feiliger te meitsjen wurdt er in heale meter breder makke. Ek wurdt it beton op de dyk ferfongen. It wurk set yn oktober útein.
Yn 2006 wurdt it lêste diel fan de dyk opknapt. Dêrnei wurdt noch in stik fytspaad oanlein. Ek nei it opknappen mei der net hurder as 80 km riden wurde.