Senioarefeest op Filmfestival

© Omrop Fryslân
It Noordelijk Film Festival sil in saneamde VJ-party organiseare foar senioaren. Op it feest wurdt dûnsmûsyk draaid en op grutte skermen binne bylden oer it deistich libben yn Fryslân te sjen. De bylden binne makke yn de perioade tusken 1945 en 1965.
It senioarefeestje is by te wenjen op it Noordelijk Film Festival dat hâlden wurdt fan 9 oant 13 novimber yn de Harmonie yn Ljouwert.