Iepen dei seks-bedriuwen

© Omrop Fryslân
Relax-bedriuwen yn it Noarden wolle in iepen dei organiseare. Se wolle sjen litte dat der neat mis is yn de bransj.
De bedriuwen reageare op de krityk fan it fakbûn de Rode Draad, dat opkomt foar de belangen fan prostituees. It bûn seit dat op sekslokaasjes yn it Noarden froulju út Súd-Amerika en East-Europa twongen wurde ta prostitúsje. De bransj fynt dat it imago fan de seksbedriuwen skeind is troch dy útlittings.