"Fryslân moat gentech-frij"

12 okt 2005 - 10:15

De steatefraksje fan de FNP wol dat Fryslân in gentechnology-frije sône wurdt. De fraksje fynt dat der in grut risiko bestiet op net-winske krusingen tusken manipulearre en net-manipulearre gewaaksen. Boppedat kin de lânbou syn ûnôfhinklike posysje dertroch ferlieze.

De FNP wol dat Provinsjale Steaten in petysje fan twa organisaasjes tsjin gentechnology stypje en dat Fryslân gen-tech-frij ferklearre wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)