Mear ynformaasje oer legaat

12 okt 2005 - 10:03

Steateleden en gemeenteriedsleden fan Ljouwert krije ynsjoch yn de tekst fan it legaat fan arsjitekt Abe Bonnema. Dêr hie de FNP yn Ljouwert om frege.

Bonnema hat 18 miljoen euro neilitten foar in nij Fries Museum op it Saailân yn Ljouwert. Ferskate politike partijen yn de steaten en yn de ried fan Ljouwert trune oan op mear ynformaasje. Sij krije no ynkoarten te hearren ûnder wat foar betingsten Bonnema jild neilitten hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)