Wetterskip ferfangt gemalen

12 okt 2005 - 08:52

It Wetterskip Fryslân hat de wetterhûshâlding om De Pein en de Grinzer Pein hinne ferbettere troch acht gemalen te ferfangen. De gemalen wiene âld en in tal foldie net mear oan de hjoeddeiske easken.

Ien gemaal waard sels noch oandreaun troch in dieselmotor. De gemalen binne ferfongen en oansletten op it telematry-systeem fan it Wetterskip. Sa kinne se fan ôfstân mei de kompjûter betsjinne wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)