Brok is amtskeatling kwyt

11 okt 2005 - 22:19

Boargemaster Brok fan Snits is syn amtskeatling kwyt. It keatling waard yn it wykein fan 17 septimber stellen by in ynbraak yn it Snitser stedhûs. Ek waard in kompjûter meinommen.

Oant no ta binne keatling en de kompjûter net weromfûn. De plysje siket om tsjûgen en freget minsken dy't witte wêr't it keatling is om harren te melden. It stellen amtskeatling is dizze wike ek ien fan 'e ûnderwerpen fan Plysjepost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)