Lukas Klamer wurdt Makro
Gruthannel Lukas Klamer yn Ljouwert is tiisdei in Makro-festiging wurden. De namme is feroare yn Makro Zelfbedieningsgroothandel. De gruthannel is koartlyn útwreide. Der wurkje 125 minsken by de Makro yn Ljouwert.
Der binne no alve Makro-festigingen yn Nederlân. Sawol Lukas Klamer as Makro falle ûnder memmebedriuw Metro Cash & Carry.