Legere straf Praxisoerfaller

16 mrt 2012 - 10:48

De man dy't yn maaie 2010 in festiging fan de Praxis yn Ljouwert oerfallen hat, hat yn heger berop in legere straf krige. Hy bedrige de meiwurkers fan de boumerk by de oerfal mei in wapen.

De rjochtbank feroardiele him earder ta fiif jier selstraf. It gerjochtshôf kaam tongersdei ta in legere straf fan 3,5 jier. Neffens it hôf kin de rol fan de fertochte net dúdlik oantoand wurde. De oerfaller syn telefoan waard ôfharke en der is DNA-materiaal fan him ôfnaam, mar dat is neffens it hôf ûnrjochtmjittich dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)