Lisboksestâl Wommels ynstoart

11 okt 2005 - 16:15

In boer by Wommels is moandei mei de skrik frij kaam doe't ûnder it melken it dak fan de lisboksestâl it ynienen bejoech. Allinnich it stikje dêr't hy en de boerehelp stiene, stiet noch oerein. De stâl is fan 1978 en der wie sa op it each neat mis mei. Mooglik is der in konstruksjeflater. Troch it ynstoarten fan de stâl is der asbest frijkaam. Dat wurdt opromme. De kij steane no foar in grut part yn de iepen loft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)