Jong Hearrenfean ronde fierder

11 okt 2005 - 15:53

Jong Hearrenfean is in ronde fierder yn de beker. De beloftes fan Sportklub Hearrenfean spilen moandei mei 4-4 lyk tsjin Veendam. Op basis fan it doelsaldo geane de Feansters tegearre mei Veendam troch nei de twadde ronde.

Jong Cambuur hie moandei net genôch oan in 1-1 lykspul tsjin Emmen. Cambuur hat likefolle punten as Hearrenfean en Veendam, mar in minder doelsaldo. Neist Cambuur binne ek Grins en Emmen útskeakele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)