'Provinsje net te selsstannich'

11 okt 2005 - 14:03

Minister Pechtold wol net dat provinsjes en gemeenten te selsstannich wurde. Dat sei er moandeitejûn op in sympoasium yn Ljouwert. Pechtold reagearde op boargemaster Brok fan Snits, dy foarstelde om lytsere oerheden mear selsstannichheid te jaan. Fryslân soe in pilot-provinsje wurde moatte. As de lytsere oerheden sels mear te sizzen krije, reitsje boargers mear belutsen by de polityk, tinkt boargemaster Brok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)