Dotson al wer fuort by Aris

11 okt 2005 - 10:57

Basketballer Ed Dotson is al wer fuort by Woon!Aris. De Amerikaanske senter waard ein augustus troch de Ljouwerter basketbalferiening fêstlein. Dotson spile ôfrûne sneon noch mei yn 'e wedstriid tsjin it Grinzer Capitals. Mar hy woe leaver yn Portugal spylje. Moandeitemiddei soe hy hjir oer prate mei Aris. Mar doe die bliken dat hy al stikem nei Portugal ferhúze is.

Aris besiket sa gau mooglik in ferfanger foar Dotson te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)