Aksje parketplysje foar cao

16 mrt 2012 - 10:43

De parketplysje yn Ljouwert sil nije wike aksjefiere. Op tongersdei de 22e sille de plysjes fan tsienen oant tolven in wurkûnderbrekking hâlde. Dat hâldt yn dat der gjin plysje oanwêzich is by sittings fan de Ljouwerter rjochtbank en it gerjochtshôf.

De aksje past yn it cao-konflikt dat de bûnen mei de minister op it stuit útfjochtsje. Earder waarden troch de plysje al gjin boetes skreaun foar lichte oertredings.

Trefwurden: 
CAO aksje parketplysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)