Ferwûnen by ûngelok A32

© Omrop Fryslân
In 72-jierrige autobestjoerder út Drylts is sneon op de grutte dyk by Idaerd ferwûne rekke by in ûngelok. De man gong de ôfrit nei Snits op, mar gie boppe-op it fiadukt rjochtút, de grutte dyk wer op. Hy seach by it krúspunt in auto fan rjochts oer de holle en ried der tsjinoan.
De man út Drylts en syn passazjier, in 62-jierrige ynwenster fan Snits, rekken beide ferwûne. De oare autobestjoerder mankearde neat.