Nije HAVO yn Burgum

HAVO-bern fan Burgum en omkriten hoege aanst net mear nei Ljouwert of Drachten om de skoalle ôf te meitsjen. Der komt in saneamde HAVO-top-oplieding yn Burgum. Freed wie de offisjele start fan de bou. Wethâlder Doeke Fokkema fan Tytsjerksteradiel sloech de earste peal.
De HAVO-top is in gearwurkingsskoalle fan de kristlike skoallemienskip Liudger en it iepenbiere Slingelland. It gebou komt op de lokaasje Slingelland oan de Skoallestrjitte te stean. It moat oer in jier klear wêze.