Minister Pechtold nei Ljouwert

© Omrop Fryslân
Minister Pechtold fan Bestjoerlike Fernijing komt moandei nei Ljouwert. Nei in petear mei boargemaster Dales en de wethâlders Sluiter en Hafkamp giet er op besite yn de wiken it Vliet en Vossepark. Pechtold lit him dêr ynformeare oer hoe't de ynwenners fan dy wiken belutsen wurde by har wyk en ek wat der dien wurdt tsjin oerlêst fan jongeren.
Jûns is minister Pechtold op in byienkomst fan D66 yn Ljouwert.