Tipi's net bot yn trek

© Omrop Fryslân
Fytstoeristen hawwe noch net in soad belangstelling foar de yndianetinten dy't It Fryske Gea yn de provinsje delsetten hat. Sûnt 1 maaie is it foar fytsers mooglik om oerdeis sa'n 50 kilometer te fytsen, om dêrnei te sliepen yn in tinte.
It Fryske Gea hat yn it ramt fan it 75- jierrich bestean seis tinten delsetten yn Earnewâld, Bakkefean, Steggerda, Riis, Tsjom en Hallum. Boerecampings dêr soene de tipi's oernimme kinne.