Gluorker aktyf yn Broeksterwâlde

© Omrop Fryslân
Lekker in jûntsje ûntspannen op 'e bank sitte is der foar de bewenners fan in strjitte yn Broeksterwâlde net mear by. Dat is sûnt dêr in gluorker aktyf is. De persoan strúnt jûns let om de huzen hinne. By guon bliuwt er sels foar de ruten stean om nei binnen te gluorkjen. Net ien wit wa't it is, want net ien hat him of har oant no ta goed sjen kinnen.
De plysje ropt op om oanjefte te dwaan as minsken de gluorker fernommen hawwe.