Mear gearwurking FNP en PvhN

30 maaie 2005 - 20:30

De FNP en de Partij voor het Noorden sille neier gearwurkje. Dat ha de beide partijen besletten op har ledegearkomsten. Der wurdt ek in kommisje ynsteld om te ûndersykjen at beide partijen ta ien ferkiezingsprogram komme kinne.

Doel is om dêrmei mei te dwaan oan de Twadde Keamerferkiezings. Takom jier maaie moat dúdlik wêze at der binnen de FNP en de Partij voor het Noorden genôch draachflak is foar sa'n program.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)