Yannick de Jong yn finales
De 18-jierrige Yannick de Jong fan De Gordyk hat him pleatst foar de WK finales speedway. Yn it Súd-Dútske Pfarkirchen waard De Jong dit wykein njoggende en dat wie genôch foar in plak yn de finales. De earste finale is 25 juny yn it Dútske Mülldorf.