Skipper reddingsboat ferwûne

© Omrop Fryslân
De skipper fan de reddingsboat Huibert Dijkstra fan Flylân is sneintenacht ferwûne rekke. Dat gebeurde doe't de reddingsboat ûnderweis wie nei in jacht dat op it strân rûn wie. De skipper fear dêrby tsjin in strekdaam.
De skipper sloech oerboard en bruts syn kaak en twa ribben. De oare twa bemanningsleden koenen him út it wetter helje. Hy is mei de helikopter oerflein nei it sikehûs yn Ljouwert.