Bonnen útdield oan fiskers

© Omrop Fryslân
By fiskkontrôles yn Fryslân binne sneon acht bekeuringen útdield. Acht kontroleurs ha in grut part fan de dei op paad west, fanwege it begjin fan it fiskseizoen. Se ha seker 25 boaten kontrolearre.
Der waarden bonnen útdield foar it fiskjen mei libben ies en foar it fiskjen mei mear as twa angels. Der wiene ek fiskers dy't gjin fergunning hiene. Sy krigen ek in bekeuring.