Van der Meulen wint Doanjum

30 maaie 2005 - 11:28

It partoer fan Johan van der Meulen, Herman Sprik en Cornelis Terpstra hat snein de frije formaasje parij yn Doanjum wûn. De keatsers wûnen yn de finale mei 5-2, 6-0 fan Rutmer van der Meer de bruorren Wassenaar.

De oerwinning fan Van der Meulen en dy wie frijwat ferrassend. It partoer fan Van der Meer hie noch gjin frije formaasjepartij ferlern dit seizoen. Ek yn útnoegingspartijen wie benammen Chris Wassenaar hast ûnferslaanber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)