PvdA Ljouwert siket riedsleden

30 maaie 2005 - 10:46

De PvdA yn de gemeente Ljouwert is op syk nei nije riedsleden. De partij organisearret dêrom yn juny in ynformaasjejûn foar minsken dy't ynteressearre binne yn de polityk.

De jûn is bedoeld as startskot foar allerhande aktiviteiten yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezings takom jier. Minsken dy't foar de PvdA yn de ried wolle, kinne meirinne mei in riedslid of wethâlder, om te sjen oft it riedswurk wat foar harren is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)