Jonkje swier ferwûne rekke

© Omrop Fryslân
In 13-jierrige jonge út Beetstersweach is sneon yn Lippenhuzen slim ferwûne rekke by in oanriding.
De jonge fytste oer it fytspaad en woe op de hichte fan de Ald Hearewei ôfslaan yn de rjochting fan Beetstersweach. Hy seach in auto oer de holle. De bestjoerder dêrfan koe de jonge net mear ûntwike. It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it universitêr medysk sintrum yn Grins brocht.