De Westerein yn finale

© Omrop Fryslân
De Westerein hat snein de finale helle fan de neikompetysje 2e klasse. It koe al hast net mear misgean foar de fuotballers en dat barde dan ek net. Nei de 4-0 winst yn de thúswedstriid tsjin Emmen, spilen de Westereinders snein yn Emmen gelyk: 2-2.
It resultaat oer de beide wedstriden is foar de Westereinders goed genôch om nei de finale te gean. Dêryn spilet de ploech tsjin Alcides foar liifsbehâld yn de earste klasse F.