Steigenga wint Twizelerheide

29 maaie 2005 - 21:40

Hurdfytser Sierd Steigenga fan Eksmoarre wie sneontejûn de bêste yn de Ronde fan Twizelerheide. Steigenga wie de hiele wedstriid yn de oanfal.

It grutste part fan de 90 kilometer siet hy mei Sierk Jan de Haan fan Dokkum en Wim Stroetinga fan Aldeberkeap yn de kopgroep. Fjouwer rûntsjes foar de ein waard Steigenga as lêste ynrekkene troch in groep fan alve. Yn de einsprint wûn er dochs noch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)