Tsientûzen sjogge nei moaie auto

29 maaie 2005 - 15:27

Goed tsientûzen minsken ha sneon yn Droegeham de Car Tuning Day besocht. By dit evenemint giet it om wa't de moaiste auto hat. Foar de beoardieling seach de sjuery nei lakwurk, karrosery, ynterieur en de earste yndruk fan de auto. Winner fan de saneamde Show en Shine kompetysje wie in Opel Tigra.

Der wie ek in wedstryd watfoar auto it measte leven meitsje koe. De oanwêzigen krigen dêrby 144 desibel yn de earen jage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)