Bouma-en-dy winne yn Ternaard

29 maaie 2005 - 15:03

De útnoegingspartij fan Ternaard waard sneon in oerwinning foar Jochum Bouma, André Kuipers en Chris Wassenaar. Sy wûnen mei 5-3 en 6-6 de finale fan Robert Rinia, Dirk-Jan van der Woud en Daniël Iseger. Sibbele Lootsma, Herman Sprik en Pier Piersma waarden tredde.

It wie al de sechde seizoensoerwinning foar Chris Wassenaar. It nivo yn Ternaard hâlde net oer. De opslaggers hiene frijwat lest fan de wyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)