Skipswrak ûntdutsen op Waadsee

29 maaie 2005 - 13:36

Skipper Perdok fan Skiermûntseach hat in skipswrak ûntdutsen tusken Lauwerseach en it eilân. It wrak leit krekt yn de eardere farrûte dêr't no noch in soad skippen fan de brune float farre. De skipper tinkt dat it om in kotter giet fan foar de Twadde Wrâldoarloch, dy't troch feroarings yn de streaming no wer boppe wetter komt.

Betonningsskippen fan Rykswettersteat hawwe in wrakboei pleatst, sadat der gjin gefaar mear is foar de skipfeart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)