Sensuer op buorden Ex-Pornstar

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert is net wiis mei de promoasjebuorden fan it erotysk evenemint 'Ex-Pornstar'. Se moatte sensureard of fuorthelle wurde. Op de buorden is in fallussymboal yn in bontjas te sjen.
Organisator Gijs van de Wint fan it evenemint krijt oars in boete. Ek moat er de kosten fan it fuortheljen fan de buorden betelje as der neat oan feroaret. Van de Wint hat oanjûn dat er de buorden sensurearje sil.