'Frysk oan RUG moat bliuwe'

16 mrt 2012 - 10:08

It Ryk moat derfoar soargje dat de stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins bestean bliuwt. Dat fynt de FNP-steatefraksje. De fraksje hat begrepen dat de universiteit it Frysk as stúdzje skrasse wol.

De FNP wiist derop dat provinsje en it Ryk ôfpraat hawwe dat it Frysk yn Grins bestean bliuwt en dat it Ryk dêrfoar soargje sil. De FNP freget deputearre Jannewietske de Vries wat de provinsje dwaan kin om it Ryk oan dy ôfspraken te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)