Van der Lelie wint yn Oranjewâld

29 maaie 2005 - 12:26

Rudie van der Lelie fan Jobbegea wie sneon de grutte man by de Ronde fan Oranjewâld oer goed 16 kilometer. Van der Lelie naam al nei oardel kilometer draven ôfstân fan Anton Costeris fan Wolvegea. Costeris waard wol twadde, mar hie fiif minuten langer wurk as Van der Lelie. De winnende tiid wie 55 minuten en 6 tellen. Jan Albert Veenema fan Boalsert waard tredde.

By de froulju wûn Maaike Hornstra yn ien oere, seis minuten en 37 tellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)