Justysjemeiwurkers nei Feanhuzen

© Omrop Fryslân
Sawat 200 meiwurkers fan justysje yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel wurde húsfeste yn de 19e-ieuwske waskerij fan it eardere gesticht yn Feanhuzen. It giet om meiwurkers fan de ôfdielingen persoaniel en organisaasje en finânsjen.
De groep is foarearst ûnderbrocht yn it eardere maresjauseegebou yn Feanhuzen. It is noch net dúdlik wannear't de renovaasje fan de waskerij klear wêze sil.