'Learlingeferfier kin bliuwe'

© Omrop Fryslân
It learlingeferfier foar de doarpen yn Frjentsjerterdiel kin bestean bliuwe. Dat tinkt de riedsfraksje fan de VVD. It gemeentebestjoer wol it ferfier foar bern op it spesjaal ûnderwiis ôfskaffe.
De VVD stelt foar om de bern net mear by hûs wei te heljen, mar by in sintraal plak yn de doarpen. Op dizze wize wurde kosten besparre. It foarstel wurdt ynkoarten bepraat yn de gemeenteried.