Twa stroomsteurings yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Húshâldens yn de omkriten fan Nijbeets/Boarnburgum en by de Feanhoop ha freedtemoarn lêst hân fan in stroomsteuring.
De steuring by Nijbeets en Boarnburgum begûn om njoggen oere. Sa'n 1300 hûshâldens sieten sûnder stroom. De steuring by de Feanhoop soarge derfoar dat 1400 hûshâldens gjin elektrisiteit hiene. De steuring ûntstie trochdat by graafwurk in stroomkabel rekke wie.