Bijl sil Harkemase Boys traine

28 maaie 2005 - 12:05

Pieter Bijl wurdt sa goed as wis de nije trainer fan de Harkemase Boys. Dat binne klubbestjoer en Bijl freed oerien kaam. Pieter Bijl sil Lútzen Nijboer en Jelte Postma opfolgje. Dy stapten tongersdei op, fanwege de problemen by de Harkemase Boys.

Fanwege in skeel tusken spilers en sponsorgroep binne earder dizze wike njoggen spilers út it earste alvetal opstapt. Bijl wol besykje de opstapte spilers op oare tinzen te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)