Heite beneamd ta eareboarger

© Omrop Fryslân
Boargemaster Heite is freed by syn ôfskie beneamd ta eareboarger fan Weststellingwerf. Hy krige de titel fanwege syn jierrenlange ynset foar de gemeente. Heite hat him ûnder oare sterk makke foar it behâld fan de Stellingwerver taal en kultuer. Ek wurdt der in nij twajierliks skaaktoernoai nei Heite neamd.
Heite waard yn 1989 boargemaster fan Weststellingwerf. It is 40 jier lyn dat de gemeente in eareboarger beneamde.