Trainers Harkemase Boys ek fuort

28 maaie 2005 - 08:06

It trainersduo Lútzen Nijboer en Jelte Postma hâlde op by Harkemase Boys. Beide trainers hawwe gjin fertrouwen mear yn de takomst by de klub. Sy fine de fertrouwensbreuk te grut. Nijboer en Postma hawwe tongersdeitejûn noch mei it bestjoer oerlein.

De tasizzing fan it bestjoer dat der takom jier op 'e nij in sterke seleksje wêze soe, wie foar de trainers net genôch. Assistint-trainer Postma fynt it de swierste beslissing yn syn libben.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)