Heger berop yn 'saak Algra'

© Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean giet yn heger berop yn de saak tsjin in yllegaal kantoar op it hiem fan Twadde Keamerlid Rendert Algra. Trochdat de CDA'er mei fakânsje wie seach hy in oantekene brief fan de gemeente hjiroer te let. Hy moast dêrom in twangsom betelje.
Algra focht de saak by de rjochter oan. Dy stelde him yn it gelyk. De gemeente Hearrenfean is it net iens mei de útspraak en giet dêrom yn heger berop.