'Gjin drugs yn Hof van Holland'

27 maaie 2005 - 11:55

Eigner Postma fan diskotheek Hof van Holland yn Boalsert is min te sprekken oer it ûndersyk dat it Iepenbier Ministearje docht nei drugshannel yn syn saak. It OM wol Postma foar de rjochter slepe. Hy soe yn syn saak gelegenheid jûn ha foar de ferkeap fan drugs.

Postma seit dat der gjin sprake is fan drugshannel yn syn saak. Gasten dy't drugs ferkeapje wurde troch de diskoteek-eigner út de saak set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)